Eastermar 9 en 10 maaie 2026.
De kompetysje is útein set!
Sneon mei net al tefolle wyn út eastelike rjochting. Frij wat skifterich om’t oan de eastkant fan de mar nochal wat beammen steane en it doarp Eastermar.
Dochs koe der goed sylt wurde en Saskia Westerhoff, de wedstriidlieder hie de baan der wer perfect yn lein.
Foarôfgeand it palaver en in wurd fan wolkom troch Oebele Brouwer fan wsf ‘Tusken Mar en Leyen’ op rekreaasjeterrrein ‘De Komerk’ yn Eastermar.
Dernei sette de hiele armada oer de Lits nei de mar.
Nei de earste twa wedstriiden koe eltsenien wer nei de haven foar in broadsje hamburger mar der waard net folle gebrûk fan makke om’t Saskia om 14.30 oere al wer it earste signaal joeg foar de tredde wedstriid.
Dernei koe der mei elkoander iten wurden wat Sjoukje fan de wsf treflik regele hie. En der wei genoch.
Snein pakte de wyn wat mear út en moasten de spierballen brûkt wurde. No mear de wyn fanút it noarden wei. Sjouke Kalsbeek mei de Symen Durk nr 22 die dat it beste mei in earste en twadde plak.
Mar Gerben Gerbrandy hie de smaak ek te pakken en waard earste yn de lêste wedstriid.
Hoe dan ek, foar alle dielnimmers in tige slache evenemint mei in daverjend applaus foar de wettersportferienig en wettersportbedriuw De Lits foar de foartreflike organisaasje.
RTV-NOF hat in ferslach makke mei in yntervieuw fan Oebele Brouwer en Jantine van der Zee fan Tusken Mar & Leyen.
Te besjen ûnder de folgende link: https://www.rtvnof.nl/praamzeilen-op-het-burgumer-mar-in-prachtich-moai-gesicht/
De ynfo dy sy joue is net alhiel goed mar de bedoeling wol.
Ronald Zijlstra fan dronesfeer.nl hat prachtiche sfeerbylden makke wat op syn you-tube kanaal te sjen is. In koarte teaser is tahekke mei de link nei You-tube:
https://www.youtube.com/watch?v=eQhy5hrrzAg
Utslach De Fryske boerepream
1 Sjouke Kalsbeek
2 Sietse Bruinsma
3 Werner Ritmeester
Utslach De Nije Sylpream.
1 Eelke Dijkstra
2 Tony Kleinhuis
3 Klaas Jan Koopmans.
