Sjouke Kalsbeek en syn bemanning op ‘e nei winner fan de sylkompetysje ’24

Nei in sylwykein mei prachtich waar is nei fjouwer wedstriden op de Terkaplester Puollen de stried beslikke, én
Sjouke Kalsbeek op ‘e nei kampioen wurden.
De fjirde kear op e rige !!!!

Foar de wykeinpriizen dienen 13 preammen mei.
Spitich genôch moest ien pream fanwege materiaal pech ôfheakje, de nr 4 ‘Nije Kimen’.
De Warber nr 54 hie de mêst noch net wer makke, mar koe dochs sile mei in ferfangende pream, de ”Reidhin nr. 40.

Trije preamen diene mei, sûnder dat se meidinge yn de kompetysje priizen:

  • De promo pream nr 56 De Dominee mei skipper Hans Brakkee
  • De Gersker nr 3 mei skipper Warner de Jong
  • De Geple nr 39 mei skipper Werner Ritmeester
  • De Gersker en de Gepke debutearden.

Sneon stie de sinne al fanôf it begjin fan de dei te skynen.
Windy foarspelde sa’n 6-7 knopen, bft 2-3 wyn. Dus in lyts wyntsje, wer it tùch op ynstelt wurde moast.

Fanôf it startskip foel it op dat der fersichtich start wurde, al by it earste startsinjaal leine alle preamen noch sa’n 10 meter efter de startlijn.
Op de nei de boppe tonne waard al gau dùdlik wat de beste slach wie.
Carel Heynen, de wedstriidlieder, hie der in loef-lij baan mei spreader en gate yn lein.
Sjouke Kalsbeek hie it underwetterskip werskynlik yn de wd-40 spuite want dy wie wer net by te hâlden troch de rest.

Ek by it twadde startsinjaal koe it noch wol wat skerper. De baan lei der noch kreklyk yn en wie no foar eltsenien bekend. Dus in goeie start is dan hiel wichtich.

By de tredde start waard der wat mear risiko naam. Mar dan wurdt it ek hektysk.
Errit de Jong mei de nr 47 waard troch Andries Flisijn mei de nr 35 te gau oer de startline twang  en moest op ‘e nei starte.

Omdat it waar noch goed wie en foar snein mar 2-3 knoopkes wyn foarspelt waard, is der noch in fjirde wedstriid oan fêst plakt. De skippers koene harren der allegear wol yn fine. Efternei mar goed ek want snein moest de earste wedstriid al ôfbrutsen wurde fanwege te min wyn.

De einstân is bepaald op de fjouwer wedstriiden fan sneon.
Omdat der gjin fiif wedsriiden fart binne, is der gjin ôftrek fan de minste wedstriid.

Yn de haven Nerushoek wie it sneon nei ôfrin noflik toeven mei in goed stik iten yn de Zevenwouden.
De wedstriidlieding hie it ek wer goed foar elkoar.
De mannen en froulju fan Heeg en Aldegea bedankt.

Per wykein wurdt der in winner bekend.
Utslach fan de lêste kompetysje wedstriiden op de Terkaplester Puollen by Terherne 21-22 september 2024.

Mei 12 dielnimmende preamen:

  1. Sjouke Kalsbeek mei nr 22 Symen Durk ùt Raerd
  2. Andries Flisijn mei nr 35 Sietse ùt Heeg
  3. Ygram Ykema mei nr 10 Diggelfjoer ùt Âldegea SWF

Nei Wâldsein, Âldegea SWF en Terherne is de Útslach fan de Sylkopetysje 2024 fan De Fryske Boerepream.

  1. Sjouke Kalsbeek mei nr 22 Symen Durk ùt Raerd
  2. Errit de Jong mei nr 47 Utrinner ùt Eastermar
  3. Sietse Bruinsma mei nr 36 Boereswel ùt Earnewâld

Sjouke nimt de wikselbeker wer mei nei hûs, en fansels de blauwe wimpel.
Al syn fjirde kear. Fan de gastfrou, cafè Zevenwouden krigen de mannen ek noch in flesse berenburg mei.

Elts jier wurdt ek de beker útrikt oan de ‘Grutste Styger’ yn it klassemint.
De saneamde “Zwagabokaal”


Dizze kear wie dat Errit de Jong mei pream 47 de “Útrinner”
Hy is fan plak 7 yn  2023 nei plak 2 yn 2024 omheech gong.

De winners fan herte lokwinske.

Priiswinners Terherne

Skippers efter Sjouke syn kampioens-flagge

Categorieën: Nijs