Prolooch 2025 Aldegea SWF

“It giet wer hinne”
Mei dizze quote, sa as dat tsjintwurdich hyt, kundiche kamping Bearshoeke op facebook de iepening fan it sylseizoen oan.
De lokaasje wie, sa wy went binne, wer geweldich. It waar koe net better, folop sinne en de wyn, flacherich krêft 5 – 12 kn. út east-noardeast, op it ein yn de lêste wedstriid konstant 12 kn noardeast.
Fanwege de flacheriche wyn  moest der konsentreerd syld wurde.
Debutant Werner Ritmeester en syn team mei de Krullevaer lieten sjen it spultsje te kinnen en kamen yn de earste wedstriid samar efkes as earste oer de finish.
Der moasten se foar de rest fan de dei op tarre, want de ploech út Heech, Andries Flisijn mei De Sietse, pakte it earste plakje yn de twadde wedstriid.
Gastheer Ygram Ykema die syn ùterste best om op eigen wetter yn de lêste wedstriid te skitterjen. Mar koe net foarkomme dat Andries dochs om him hinne kaam.
Mar net allinne Andries Flisijn, ek Errit de Jong en syn team ut De Wâlden mei de Utrinner slache dat.
Ek Flisijn seach him úteinlik fan efteren.

Vermeldingswaardig is dat ook een team van over de Friese provinciegrens mee doet aan de competitie.
Schipper Hans Brakkee en zijn team met pream De Raerder Mosk. Vorig jaar zijn ze besmet met het virus door mee te doen in de Promopream.

In prachtiche syldei.
De organisaasje goed foar elkoar mei Saskia Westerhoff as wedstriidlieder, bystean troch Carel Heynen en it rescueteam Heech-Aldegea.
It palaver en de priisutrikking yn ’t Joo mei in goed  miel iten en in noflike neisit, wie geweldich.

Gastheer Ygram Ykema hie foar de lêste trije in mooie aquarel en foar de earste trije in teakhouten snijplanke mei it logo fan De Fryske Boerepream.

Utslach stiet yn de bylage.

                  

Categorieën: Nijs