Kompetysjesilen Hegemer Mar.
It earste kompetysje wykein fanút Wâldsein op de Hegemermar, oan de Yndyk, hat wer prachtiche plaatsjes oplefere.
Tegeare mei de NIje preammen, in Mar fol mei preammen. Skydrone Sloten hat der in mooie kompilaasje fan makke.
Mei in dikke wynkrêft 4-5 wie it hurd wurkjen en moasten de pompen oan.
Yn de middei naam de wyn noch mear ta en beslúte wedstriidlieder Saskia Westerhoff de fjirde wedstriid net mear te dwaan.
Op snein waard ek al oant wynkrêft seis foarspelt, dus binne der net mear dan trije sylt.
Sa as fan âlds waard der wer neat wei jûn en skerp sylt. By de âlde preamen hie Errit de Jong mei de ‘Útrinner’ it goed oan de loop. Dochs foel hy net yn de priizen.
Yn de twadde wedstriid scoorden de ’47’ in OCS, omdat sy nei in falske start troch sylden.
Sytze Bruinsma mei de ‘Boereswel’ nr ’36’ sylde goed en konstant mei trije kear in twadde plak, pakten sy de earste priis fan de dei.
Andries Flisijn met de ‘Sietse’ nr ’35’ pakte mei twa kear tredde en ien kear earste, it twadde plak.
Ygram Ykema mei ‘Diggelfjoer’ nr ’10’ en Gerben Gerbrandy mei ‘Warber’ nr ’54’ kamen op lykfolle punten werby it tredde plak nei Ykema gong en Gerbrandy op it fjirde plak.
Ien fan Nije preammen rûn averij op en kaam der mei op de boaium fan de Mar teloane.
Lokkich gjin personalike ungemakken.
Trouwens der wiene mear mei stjinslach mei as resultaat in soad DNF (Did Not Finish).
Al mei in bewogen syldei op de sneons mei in priisútrikking op sneintemoarn.