Errit de Jong mei de Útrinner Kampioen 2025.

Nei in bewogen seizoen is de kampioen 2025 bekend.
Oer alle wedstriden wie it Errit de Jong mei pream de Utrinner nr 47 died it kampioenskip pakte.
Nummer twa, Sietse Bruinsma die dat mei de Boereswel nr 36.
Andries Flisijn waard tredde mei de Sietse nr 35.

By de oanfang fan de lêste wedstriid fan de kompetysje is stil stien by it ferstjerren fan Haaije Cnossen.
Alle preamen hiene in swarte rouflagge yn it want. Én op de priisútrikking ha wy der by stil stien.
Haaije wie us betûfte wedstriid begelieder, hy soarge dat de boeien goed te plak kamen en fan alles wat der fierder mar regele wurde moast.

It lêste wykein sile de Fryske boerepream en nije Sylpream net mei elkoar.
It wie wer fertreflik foar elkoar yn Terherne.
De wedstriidlieder, Saskia Westerhoff, hie de baan der goed yn lizzen. Sy moast tusken de wedstriiden wol de baan ferlizze, want de wyn skifte nogal wat. Mar dat is har wol ta fertroud en der wie dan ek neat op oan te merken.
Op snein koe der net sylt wurde.. Der waarden wyn-stjitten foarspelt fan 40 knopen. Siz mar bft 8. Sadwaande kamen wy op 13 wedstriden yn stee fan de 15 died wy eltse Sylkompetysje prebearje nei stribje. Ek yn Wâldsein koe der op snein net sylt wurde fanwege de wyn. Yn cafë De Zevenwouden hiene we wer in goed ûnderkommen en in stie der in goed stik iten foar us klear. Foar de winner hiene se wer in flinke flesse beerenburg. By jachthaven Nerushoek krigen de DFB ek wer alle meiwurking. Tige tank derfoar!

Oer it gehiel wie Errit de Jong de grutte konkurrint foar de rest. Dat wol net sizze dat alle wedstriiden wûn waarden. Sa wie yn Wâldsein in falske start wer net op reageart waard, en soarge foar diskwalifikaasje en in strafpunt foar de nr 47. Yn Terhene siet de stjinslach yn in ferkeard ynskatte stjoerboard-bakboard situaasje wat ek wer it maximaal oantal punten en in strafpunt joech. De Útrinner waard derby rekke troch de Sietse, wat skea oan it roer ta gefolch hie. Dochs slagge de bemanning der yn dat profesorysk te meitsjen en koene se troch sile. Mar nettsjinsteande dat, wie de marzje sa grut dat op ‘e ein de Útrinner noch 3,5 punt foar stie op de nummer twa, de Boereswel fan Sietse Bruinsma. Sietse sels koe dit wykein net syle en waard ferfong troch Peter Toering. De resultaten hiene der net ûnder te lijen. Op it tredde plak eindiche Andries Flisijn mei de Sietse.

De Zwaga bokaal is útrikt oan Werner Ritmeester dy mei pream de Krullevaer op plak fjouwer kaam. Foarich jer diene se net mei oan de kompetysje. De Zwaga bokaal is foar de pream dy de grutste stiging yn it klassemint makket.

Op de foto,s de skippers, Werner de Jong ûntbrekt.. De winners mei harren team en de blauwe wimpel. En Errit de Jong mei de wikselbeker.

klik op de foto en jo komme yn de bibliotheek

 

Categorieën: Nijs