Datum:           17 novimber 2025

Onderwerp:   formule klasse fergelyk.

Geachte eigner en skipper fan de Fryske boerepream,

Op de evaluaasjegearkomste fan 5 novimber is ofpraat, dat wy prebeare sille in goed wurkjende formule op te stellen om te kommen ta in sa earlik mooglik fergelyk fan de preammen died meidogge oan de sylkompetysje.

It is sa, wy binne gjin ienheidsklasse, mar wy wolle it wol neistribje. Omdat de preammen allegear ûngelyk binne, moatte wy in formule sjen te betinken wêrtroch wy dochs earlik de striid mei elkoar oangean. Oan de pream sels kinne jo net folle dwaan, dus sil it mei namme gean om ekstra gewicht of de syloerflakte.

Yn de foarskriften stiet dat in pream 11 meter lang wêze mei, 2,80 m. breed en in syloerflakte fan 49 m2.
Derre stiet tsjinoer, dat gewicht ek ynfloed hat.
Derom is yntiids ôfsprutsen om út te gean fan it gemiddelde gewicht fan de dielnimmende preammen oan de kompetysje.
Der sit dan noch wat korreksje op: wa te licht is moat gewicht ynnimme, wa te swier is hat pech.
It syloerflakte is net meinaam yn it fergelyk wat destiids ôfrpraat is.

 

Inkele foarbylden:

  1.      – lang 11 m.    – breed 2,76   – gewicht 3420
  2.      – lang 11 m.    – breed 2,77   – gewicht 3215
  3.      – lang 10,43    – breed 2,61   – gewicht 3640

 

Der moat dus in soarte fan extrapolaire formule komme mei as standaard it foarskrift:

” – lang 11 m.  – breed 2,80 m. en it – gewicht gemiddeld is 3430 kg. – syloerflakte 49 m2. “

De fraach oan jim as leden en skippers is, wa hat wiskunde B yn it pakket hân en kin en wol dit opstelle?

Reageare kin fia de mail postmaster@defryskeboerepream.nl

Fr. groetnis,

Bestjoer De Fryske boerepream

Categorieën: Nijs