Beste eigners en skippers fan de Fryske boerepream,

Foarich jier ha in oantal preamen mei dien oan de “Grûn beweecht” yn it kader fan Arcadia Ljouwert. Dit jier giet de beweging troch. Op de evaluaasje fergadering is der al efkes oer praat en stiet yn it ferslach. Fryslân stiet op e kaart as foarrinner as it giet om sûne grûn foar it begjin fan sûn iten. Derom sil der yn de wike fan 21 oant 27 septimber in armada fan skippen oer it Ysselmar farre mei grûn (lês projekten) ut Fryslan nei Amsterdam wer in barren plak fynt oer sûne grûn en sûn iten. Sa jim fernaam ha wol it neie kabinet ynsette op it foarkommen fan soarchkosten troch minsken oan te setten om sûner te iten. It item is hot en der sil dan ek noadiche media oandacht foar wêze.

Wat hat dat mei us te meitsjen?
It is de bedoeling dat yn de wike foarôfgeande oan 21 septimber, wike 38 de grûn ut Frylân samle wurd. Dit moat dan op sneon of snein 18 en 19 septimber ôflefere wurde yn Woarkum wer wei de armada ôfset nei Amsterdam.
Hoefolle en hokker plakken is op dit stuit noch net bekend. Ek is noch net bekend hoefolle subsidiejild der binnen komme sil. Dat wie foarich jier ek it gefal, mar dat kaam dochs goed. It is in bytsje in hin of aai ferhaal. Sûnder dat helder is of der preamen oan mei dogge krije sy ek gjin jild.

Dit kin foar us feriening wer mooie pr opleferje. Derom doch by dizze in oprop oan jim om jim op te jaan of jim mei dwaan wolle oan dit barren. Der moat noch in soad regele wurde. Neie wike tiisdei is der in fergadering oer. Fan de Nije Kimen is bekend dat dy der komme. Sels kin ik der net by wêze. Mochten jim der earen nei ha, dan binne jim der fan herte wolkom. Dan wol graach efkes opjaan by Ineke dat jim komme dan kin se der rekken mei hâlde.

Categorieën: AgendaMediaNijs