Útnoeging Jiergearkomsye DFB
Woansdei 01 april 2026 – 20.00 oere
Doarpshûs “De Trijesprong”, Raerd.

Aginda:

  1. Iepening / Wolkom
  2. Meidieling.
    –  Alle wedstriiden in 2026 mienskiplik mei de Nije Sylpream mei ien reglemint.
    –  Zwaga bokaal: Score wurdt bepaald n.o.f. de ôfrûne trije jier. 
  3. Ynkommen stikken.
    –  Mail Leentsje de Vries neilitting Sjerp de Vries earste aksjes fan de feriening.
    –  Utnoeging Turfrace op 29 en 30 maaie 2026.
    –  Utnoeging Grûn beweecht wike 38 oant 19 septimber 2026.
    –  Reaksje S. Van der Meulen op de brief fan it bestjoer.
  4. Notulen Jierfergadering 26 maart 2025.
  5. Finasjeel Jierferslach 2025, begrutting 2025
  6. Kaskommisje: Rikus Talsma en Gerben Gerbrandy. Reserve Werner Ritmeester.
  7. Nije leden Kaskommisje.
  8. Technyske kommisje:
    –  Konklûzje kommisje gewichten.
    –  Dispensaasje nije dielnimmers oan de kompetysje. Beslût: 2 jier mei ynbegryp it jier fan oanskaf. Stimming sa hâlde of oanpasse nei, allinne foar kampioenskandidaten.
    –  Kontroleurs (minimaal twa persoanen) doche de kontrôle stekproefsgewiis. Belutsen preamen krije in oprop yn de skippers App. De list mei kontrôlepunten stiet op de site.
    –  List mei sylmaten, al of net iepenbier? Stimme.
    –  It útein fan de opstekker mei net mear dan 30 cm. foar de halshoeke sitte. Dit punt is oerbliuwen ut de ALF fan 2025. (klassefoarskrift 7.h)
  9. Oanpassen statuten yn kader WBTR.
    –  Konsept statuut fêst stelle.
    –  Konsept hûshaldlik reglemint fêst stelle.
  10. Pauze 
  11. Aginda 2026. (webside)
  12. Sylkompetysje 2026: 
    –  Opjefte prolooch 02 maaie 2026 Eastermar formulier.
    –  Opjefte sylkompetysje 2026, formulier en bemanningslijst.
    –  Wedstriidbepalingen 2026:
    *  Alle meidielings komme yn de skippers App.
    *  In ekstra wedstriid wurdt foar 20.00 oere yn de juns foar de wedstriiddei meld of op it palaver foarôfgeand oan de wedstriiddei.
    *  Der kin gjin heger berop oantekene wurde stjin de beslissing fan de protestkommisje.
    *  “Verhoor aanvraag formulieren” downloade fan de site fan it wettersportferbûn.
    *  Stimming oer bijlage C punt 4 oangeande strafpunten.
    –  Ynskruiwing promopream en PR.
  13. Bestjoerswikseling.
    Jaap Faber hat njoggen jier tsjinst dien en treed ôf. Foardracht nije kandidaat?!
  14. PR 
    –  You tube kanaal.
    –  Waterland van Friesland
  15.  WFOTKTL (watfjirdersoptafelkomttelizzen)
    Op tablêd “De float” op de webside graach safolle mooglik bysûnderens fermelde.

    Wy moetsje jo graach op 01 april yn de Trijesprong.

    Freonlike groetnis, It bestjoer.

    •  Jaap Faber, wedstriidsaken      per 2017
    •  Errit de Jong, ponghâlder          per nov. 2018
    •  Michiel Kalsbeek, foarsitter       per 2019
    •  Auke Postma, sekretaris           per 2021
    •  Dominicus Flapper, technyske saken per 2024