
Ferslach fan de wettersportferiening út Eastermar.
Wat in prachtige silerij hjoed yn Eastermar op it wetter fan de Burgumer Mar.
Op in lyts bûike nei, dy’t neffens Oebele net komme soe, skynde de sinne folút en foaral yn de middei stie der in prachtige wyn!
Wy sjoche werom op in hiele moaie dei en tagelyk is it foarútsjen nei de wedstriden fan nije wike op 9 en 10 maaie!
- De útslach fan hjoed foar de Âlde preammen:
1. Errit de Jong
2. Sjouke Kalsbeek
3. Sietze Bruinsma

- Foar de Nije preamen:
1. Tonie Kleinhuis
2. Sietze Brouwer
3. Douwe Idzinga
Tige tank oan de wedstriidlieding en alle frijwilligers died meiholpen ha, en
‘Oant nije wike!’
De winners koene noch efkes neigenietsje fan in lekker slokje fan de weduwe.
