Ferslach wedstriiden langwar 12 en 13 septimber 2026.
It lêste wykein yn de kompetysje 2026 fan de feriening De Fryske Boerepream en de feriening De Nije Sylpream. Oan de start 5 preamen fan De Nije Sylpream en 10 dielnimmers fan De Fryske Boerepream.
Foar de Fryske Boerepream wie it de earste kear yn Langwar. No alle wedstriiden mei-inoar sylt wurde yn twa klassen, wie de kar fallen op Langwar. Wer de Nije preamen fan âlds harren lêste wedstriiden hâlden ha. De âlde haven yn langwar wie noflik fol en it waar hie it goed mei ús foar. Net al te kâld en moaie matige wyn út súd-west op sneon en west-noardwest op snein. Yn de nacht in bytsje rein mar fierders droech. Op sneontejun hie Hilda in hearlike barbeque regele en koe der noch efkes noflik neipraat wurde.
Saskia hie de banen der wer goed yn lizzen en dus koe der foar eltsenien wer skitterend moai sylt wurde. Sawol op sneon as op snein gjin ien inkele fâlske start. Bestjut dat der noch hieltyd te min risiko naam wurd? Of ha wy de timing sa goed ûnder de knibbel krigen? Hoe dan ek, nei elts startsinjaal folge in moaie wedstriid en wie it wer spannend wa as earste ôffluite wurde soe. Mar ek dernei wie der net ien dy in oar wol efkes foar gean litte woe.
Foar wa der net by wêze koe, Jelte v/d Meer fan Skydrone Sloten hat wer in skitterend moaie fotoreportaasje makke. Klik op link: Foar it ûltsje net noadich, dy hat alles sjoen.
https://www.facebook.com/search/top?q=skydrone
De priiswinners fan it wykein:
! nr 47 Utrinner Errit de Jong
2 nr 22 Symen Durk Sjouke kalsbeek.
3 nr 36 Boereswel Sietse Bruinsma
Utslach fan de kompetysje:
1 nr. 22 Symen Durk Sjouke Kalsbeek
2 nr. 47 Utrinner Errit de Jong
3 nr. 36 Boereswel Sietse Bruinsma
Sjouke Kalsbeek en Gerben Gerbrandy mei nr 54 Warber wiene beide 5 plakken omheech gong ten opsichte fan 2025.
By de Nije Preamen wie it Tony Kleinhuis dy syn titel prolongeare. Op it twadde plak Eelke Dijkstra mei de nr.4 en op it tredde plak Klaas Jan Koopmans mei de nr 1.

