Klik op link word of pdf:

– Word – Ynskriuwformulier ‘Fryske Sylkompetysje 2021’ fan “de Fryske Boerepream”   
– Pdf – Ynskriuwformulier ‘Fryske Sylkompetysje 2021’ fan “de Fryske Boerepream”

Snein, 16 maaie, 2021

 

Beste stipers en bemanning,

Yn it wykein fan 26 en 27 juni 2021 sette wy útein mei de sylkompetysje 2021. Wy gean der fan út dat it kin, mar it bliuwt noch hieltyd ûnder foarbehâld fan wat kin en mei yn ferbân mei corona.

Bygeand sjoche jo it ynkriuwformulier kompetysje dat ferstjoerd is oan de eigners. Omdat ek bemanningsleden belang ha om op e hichte te wêzen, stjoere wy jo dit ek ta. Om de organisaasje rûn te krijen en administratyf alles goed te regeljen, graach ynfuld werom stjoere foar 1 juni.

It ynskriuwjild foar de kompetysje is fêststeld op e ledefergadering fan 2020 op € 100,-.

Wy hoopje op in mooie opkomst en oant sjen yn Aldegea SWF.

Freonlike groetnis,

Ut namme fan it bestjoer,

Auke Postma

Categorieën: Nijs