Oankundiging:

Beste Leden fan ‘de Fryske Boerepream’,

Sneon 28 juli 2018 wurde jimme útnoege om mei te dwaan oan de ‘wylde sylwedstriid op de Aldegeaster Brekken’. It is net mear nei te gean yn de tiid, mar it is in echte tradisjonele silerij oan it wurde, net mear fuort te tinken fan jimme aginda!

Helje jimme bemanning út de simmersliep wei, en kom!  Nim famylje, freonen en oare kunde mei, yn as bûten de sylpream, en meitsje der in moaie dei fan!

Programma voor ‘de Slach om Aldegea’:

Zeilwedstrijd voor oude en nieuwe pramen, larken en lytse bm-ers:

  •   9.00  uur palaver bij de camping aan de Brekken bij Aldegea
  • 10.00  uur eerste start, er worden 4 wedstrijden gevaren.
  • Gezellig terras aan het water
  • Koffie en fris in de pauze gratis voor de deelnemers.
  • Na afloop gerookte paling voor schippers en bemanning
  • Graag opgeven i.v.m. inkoop paling per telefoon 0515-469444  (Ygram Ykema)

Of per mail: campingykema@hetnet.nl

Groetnis Ygram

Wedstrijd-ferslach:

Sneon 28 july wie it wer safier, de Slach om Aldegea SWF soe wer fersyld wurde.

De freonskiplike wedstriid foar âlde Boere preammen, Larken en Lytse BM-ers en 2 Bulthuis jollen. Ald hout en âld iizer dus.

Mar dizze kear soe der ek in stik as wat nije preammen mei dwaan, úteinlik wie der mar ien, Klaas Jan Koopmans soe dan mar gewoan mei de âlde preammen mei starte.

It waar like earst goed, mar letter op ‘e dei soe der in front oer lûke.
Bij it palaver hie elkenien der in miening oer, mar de wedstriid kommisje ûnder lieding fan Carel Heijnen hie besluten, dat we 3 wedstriden efter elkoar sile soene en dan pauze. Op ‘e middei soe it op ‘e nij besjoen wurde.

De moarns stie der in licht koeltsje, wol tige skiftich, mar der wurd omraak sylt en it wie in prachtich gesicht, hoe as alles troch elkoar hinne tyske.

Nei de pauze wiene we efkes te hastich it wetter op.
Der kaam in ûnwaarsbui en wyn oer, dus de útstel flagge waard lutsen, mar healwei trijen koene we wer los. De lêste wedstriid foar de preammen en larken. De lytse bm-ers seagen der ôf, te folle wyn! Yn it lêst wie it ek wynkrêft 5, mar der ha gjin ûngemakken plak fûn, ien larkje is omkypt, mar de mannen mei de resque boatsjes wiene der gau bij.

Dan de útslach fan de preammen:

Klaas Jan Koopmans –  8.9 punten.
Hij die net mei foar de prizen, mar krige wol de wikselbeker foar de nije preammen.

  1. Germ Gerbrandy                              Sietse               9.8 punten
  2. Peter de Koe                                     Gepke              10.9
  3. Pieter de Haas/Sytse Bruinsma  –  Boereswel       17
  4. Ygram Ykema                                 –  Diggelfjoer      20
  5. Klaas Postma                                 –  Onderneming 21
  6. Marten Postma                              –  Warber            24

It is in bytsje jammer dat de measten de fuotten hast brekke om fuort te kommen, want it wie wer dik yn oarder dêr yn Aldegea!
Mei rike iel en in moai terras oan it wetter, de sinne derby, ‘wie doet je wat’!!!

Pream en bemanning fan it jier is wurden:
‘de Onderneming’ fan Symon van der Meulen mei skipper Klaas Postma.
De motifaasje wie: se binne der altyd, al fanôf it earste oere.

Noch in wurd fan tank foar de kommisje, de resque en it startskip.
Ek de catering wie wer top!

Eltsenien bedankt foar it kommen.

 

Categorieën: NieuwsZeilen

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *