Aldegea 2e rige kompetysje wedstriiden
“De Fryske boerepream”

 

 

Sneon 25 juni, it sintsje der moai by en moai wyntsje ungefear 3 Bft út súdlike rjochting. Op it palaver yn `t Joo gjin bysûnderheden. Krekt as yn Heech de kontrôles ûnderling tusken de wedstriden troch. Op sommige punten wie wat ferdúdliking nedich, mar fierder koe eltsenien der mei út de fuotten.

Om krekt 10.30 gong it los mei in Olympische baan. De wyn wat flacherich op ferskate plakken en wat is dan de goeie slach? Wer krigest de flaach die ast graach ha wolst. Sels syl ik op de Útrinner en wy hiene it net oan de loop. Sawol gong as de hichte. Oars wie dat by Wiebe van der Pol, Pieter Jilles Tjoelker en Sjouke Kalsbeek. In goeie start en de pream goed oan de loop. Dat joechen se ek net wer út hannen en waarden 1, 2 en 3e.
Nei it skoft waard om 13.00 oere úteinset mei de twadde wedstriid. Dizze kear in kopgroep mei wer Pieter Jilles, de oare Earnewâldsters Sietse Bruinsma, Klaas Postma en fansels Sjouke Kalsbeek. Ek Borry Vrieling mei de Gepke hiene in goeie race en waard 5e. Sjouke waard 1e, Klaas 2e en Pieter Jilles 3e. Yn de efterhoede Diigelfjoer, Swarte Swan en wy wer mei de Útrinner. Henk hie al oanjûn dat hy de bemanning net goed by elkoar krije koe en mei in bemanningslid minder ta moest. Foar ús it singjaal om it seil del te heljen en in bytsje rommer te stropjen. Hoopje dat it wat útmakket – dat wie it gefal.
Yn de tredde wedstriid koenen wy no al mei komme. Andries Flisijn hie it ek goed oan de loop en waard 1e. Sjouke 2e, en Klaas 3e. It spande der om, wy hiene behoarlik striid mei De Onderneming mar moesten him foar ús litte en kamen as 4e troch de finish.
Omdat it sa moai gong en de buien mooi om ús hinne dreaunen, hie de wedstriidlieding besletten noch in wedstriid te sylen. Alle skippers koene harren deryn fine. Deryn waard Sjouke 1e, Klaas Postma 2e en Erik Jansma mei de Lege Geaen 3e. Nei in dei farren koest dus fêststelle dat de striid om it 2e, 3e en 4e plakje gong. Ygram Ykema, en Henk Regts hiene it dizze kear net en Sjouke Kalsbeek hie syn 1e plakje nei fjouwer wedstriiden wol wer yn ’the pocket’.

Nei ôfrin allegear op nei It Joo foar it jûnsmiel. Dat wie wer harstikke goed foar elkoar en op it terras lekker yn`t sintsje wie it in noflike gearkomste. Troch it toarstiche waar hiene wy de hoop dat de kaarten der snein wol ris wat oars by lizze koene.

Dat wie net it gefal. Miskyn tochten wy allegear wol sa. Snein hiene wy in goeie start. Mar fansels wy net allinne. Sietse Bruinsma die de beste saken en kaam foarop te lizzen en dat bliuw sa. Der efter waard hurd fochten om it twadde plak. Dizze kear siet Henk Regts der ek goed by mar net yn de kopgroep, der krekt efter. Errit de Jong seach Sjouke Kalsbeek te let oankommen by de tonne. Hy hie foarrang en dus bestjutte dat in rûnstje draaie foar ús. Sietse Bruinsma waard 1e, Sjouke 2 en Henk Regts 3e, dy koe it stokje moai oernimme.
Yn de twadde wedstriid wie it in heisa fan se-sa. Sels hie ik der net goed sicht op mar der waard toetere foar iensydich falsk. Sels wiene wy goed fuort tagelyk mei Ygram Ykema en Sjouke Kalsbeek. Erik Jansma en Andries Flisijn ek mar setten ôf oer de oare boeg. Hoewol wy moai sylden, koene wy net de hichte en faasje hâlde wat Sjouke wol slache. Om it twadde plak yn de lêste rûnte koene wy op it foar de wynse rak de Sietse fan Andries Flisijn de wyn út it seil nimme en op him ynrinne. Foar de gebiets-sône by de lêste tonne leinen wy moai as binnenst-skip. Dat wie Andries net mei ús iens en joech ús in protest. De protestkommisje hat der oer gear west en Errit yn it gelyk stelt. Sjouke waard dus 1e, en Errit de Jong mei de Útrinner 2e en, ein goed al goed, Ygram op eigen wetter 3e. It die blyken dat Henk Regts en Sietse Bruinsma falsk wiene mar se binne trochsylt en dus moesten se genoegen nimme mei 12 punten.

De wedstriidlieding, It Joo en net te ferjitten ús bestjoerslid Yrgam Ykema hiene it perfekt foar elkoar en wy kin werom sjen op in tige slache kompetysje wykein.

Auke Postma
Sekretaris D.F.B. en syler op de Útrinner.