Oankundiging.
Sneon 17 septimber,
lêste kompetysjewedstriiden 2022 op de Terkaplester Puollen by Terherne.

It doel is op 12 wedstriiden út te kommen. Der binne oant no ta 11 sylt. Op dizze dei geane wy noch ris trije dwaan, dermei komme wy út op 14 wedstriiden. Der kin dus noch fan alles barre, mar Sjouke Kalsbeek stiet der wol hiel goed foar.

Om 9.00 sette wy útein mei it palafer yn de buorkerij.
It 5 minutesein foar de 1e wedstriid is om 10.25 oere, foar de 2e wedstriid om 12.55 oere en lêste in kertier nei dat de lêste finisht is.

De priisútrikking is om lykernoch 17.00 oere yn de Buorkerij.

Útslach.

It wie foarôf onwis. Kin it wol trochgean? De waarfoarspellings soargen foar holle brekkens by it bestjoer. Wynkrêft 5 mei útsjitters yn de buien oant bft. 7. Besletten waard it dochs te prebearjen. Foar de moarns wiene de berjochten krekt wat geunstiger as de middeis. It stribjen is om yn de kompetysje 12 wedstriiden te silen. Der wiene al 11 fan sylt. Mei noch ien of twa soene wy deroan foldwaan en boppedat, jo slúte sa,n kompetysje dan ek mei elkoar ôf en is der gelegenheid de priizen út te rikken. Op it palafer waard besletten de twadde wedstriid ek yn de moarntiid efter de earste te dwaan. Dan koe de middeis sanedich ôfblaast wurde. In pear skippers hiene op foarhân al ôfhikke. Henk Regts mei nr 8 De Swarte Swan wie net oanwêzich en Ygram Ykema mei nr 10 Diggelfjoer liet witte ek net sile te kinnen.  Foar Gerben Gerbrandy mei de nr 4 wie it in fraachteken of hy wol of net mei dwaan koe, mar se wienen der.

Om 10.35 oere klonk it 5 minute sein foar de earste wedstriid. It wie hâlden en kearen mei dizze straffe wyn. De measte skippers hiene in reef set, in pear ek net. Tusken de buien koe it bêst sûnder. Mar as der wer in pûster  kaam moast de skoat safier los dat de gong der út gong. Dan wiene dejinge dy,t al in reef set hiene wer yn it foardiel. De mannen fan wettersportferiening Onder Ons út Terherne hiene der in Olympyske baan ynlein. De start wie min te nimmen. Oer stjoerboard koene jo mar amper om it startskip hinne komme. Pieter Jilles Tjoerlker mei de Jolanda wie goed fuort. Hy wie fansels ek noch yn “de winning mood” troch syn winst by de IFKS. Mar fansels lieten de oaren dat der net by sitte en gongen de striid oan. Risiko,s waarden naam. Errit de Jong mei de Utrinner beslute de reef der út te heljen. Dat die úteinlik gjin fertútten. Gerben Gerbrandy mei de Nije Kimen fûn it net mear ferantwurdde en hikke ôf. Nei in pear rûntsjes ûntstie der in kopgroepke mei de Jolanda, de Lege Geaën mei skipper Erik Jansma, de Onderneming mei skipper Klaas Postma en de Reidplûm mei skipper Wiebe van der Pol. Sjouke Kalsbeek mei de Symen Durk siet der ek noch by mar hikke ôf om,t se yn in flaach safolle wetter skept hiene dat troch farre gjin opsje mear wie. Dermei kaam Sjouke op 12 punten, mar omdat hy noch gjin ôftrek hie foar de minste wedstriid, makke dat foar him gjin ferskil. Hy hie op foarhân al syn kampioenskip prolongeare. Ungefear hûndert meter der efter it groepke mei Errit de Jong, Sietse Bruinsma mei de Boereswel, Andries Flisijn mei de Sietse en Borry Vrieling mei de Gepke. Pieter Jilles wie net mear te ferslaan en kaam as earste oer de finish. Twadde waard Erik Jansma en tredde waard Wiebe van der Pol.

Efter dizze earste wedstriid skûlen de measten efkes efter de beamen foar de safolste bui. It like der op dat it waar der net better op waard en dus naam it bestjoer it beslút te stopjen. De priisútrikking koe no wat earder plak fine yn De Buorkerij yn Terherne. Mei tank oan WSF Onder Ons foar de wedstriidlieding en de frijwilligers fan De Buorkerij kinne wy werom sjen op in mooie wedstriid en ôfslúting fan us kompetysje 2022.

 

Útslach:

Kompetysje wedstriid Terherne 17 septimber 2022.

1 nr.  45 Jolanda mei skipper Pieter Jilles Tjoelker

2 nr.  33 Lege Geaën mei skipper Erik Jansma

3 nr.  44 Reidplûm mei skipper Wiebe van der Pol

Sylkompetysje 2022 De Fryske boerepream

1 nr. 22 Symen Durk mei skipper Sjouke Kalsbeek.

2 nr. 44 Reidplûm mei skipper Wiebe van der Pol.

3 nr. 45 Jolanda mei skipper Pieter Jilles Tjoelker.

Grutste stiiger yn de kompetysje 2022 is Erik Jansma wurden mei de Lege Geaën. Hy is fan it lêste plak yn 2021, troch corona ûntstien, nei plak 5 gong. Hy krige de Zwaga bokaal útrikt.