Ferslach fan de prolooch en it opgean nei de Sylkompetysje fan De Fryske Boerepream op 6 maaie 2023 by Eastermar op de Burgumer Mar.

It gong dizze kear om de tút fan Eastermar. In knipeach nei in bekinde Eastermarder.
Der diene 8 preamen fan ús feriening mei en ien fan feriening de Nije Sylpream, de nr 15 fan Jelmer Bloembergen died farde op har thúswetter De Burgumer Mar. Foar de organisaasje reden om foar ien gjin aparte klasse te meitsjen. Mar ris sjen as der mei komme kin.

By it palaver oars gjin praat as wyn, soe der wol wat komme? Want it like der net op. In 3 oant heechút 5 knopen dat is in lytse 2 bf. Dick Kramer, de wedstriidlieder lei derom mar in koarte trijehoeksbaan, sei hy.
Ien kear op e Mar wie it dochs noch wol in moaie baan mei in aardich eintsje silen fan de boppe- nei de beneden boei. Eltsenien drok mei it útskearen fan de skoaten en dan los mei in bytsje wyn. De earste start gie goed, allegear goed der oer hinne. Sjouke, Errit, Sietse, Andries, it spande der om. Mar it wie Errit dy in goeie slach makke en as earste oer de finish kaam.

Foar it skoft koe der wer oanlein wurde oan de Komerk yn Eastermar wer de wettersportferiening sop, broodjes hamburger en drank klear hie. Om in ien oere hinne elts wer nei de mar.
De loft wurke, bliuwt it wol droech? Mar it foel ta. Om us hinne is in bak wetter fallen, mar wy hiene mar in pear spatsjes. Wat wy der wol fan hienen, dat wie wyn. Nei efkes in útstel fan in pear minuten, koe der start wurde mei in moai wyntsje. Fanôf it startskip klonk it inkel falsk sinjaal, dat bliik foar Sytse Bruinsma te wêzen. It kopgroepke waarde foarme troch Sjouke, Errit, en Gerben. Ek de nije pream fan Jelmer die no goed mei. Wer waard it Errit dy as earste oer de finish kaam.

Yn de trêde wedstriid eins itselde byld. Mar no hie Jelmer troch hoe der wedstriid sile moast en wist hy it foardiel fan in nije pream te benutten troch Errit en Sjouke yn te heljen. Sjouke lei lang op nr 2 mar krekt foar de finish wie it dochs Errit dy foar him komme koe. De oaren der efter krigen te meitsjen mei wynstilte. De bui wie oer en dermei wie it ek dien mei de wyn. Al mei al dochs in moaie syldei. De priisútrikking by Foppe yn de loads, de túten en it captainsdiner dêrnei wie dik foar elkoar en tige noflik. Mei tank oan ‘Wettersportferiening Tusken Mar en Leyen’ út Eastermar.