Hattrick foar Sjouke Kalsbeek.
Trije kear op ‘e rige kampioen yn de kompetysje fan ‘de Fryske Boerepream’.

Terherne,

Op de lêste kompetysje wedstriden fan 2023 by Terherne wie Sjouke Kalsbeek mei de ‘Sijmen Durk’ wer net te ferslaan. Dermei ha sy net allinne de wykeinpriis binnen helle mar ek foar de trêde kear de kompetysjepriis. Hiel bysûnder is it oantal punten wermei se wûn ha. Mei 11 dielnimmers kin der mei 15 wedstriiden op syn minst 13,5 punten helle wurde. Sjouke en syn team ha wûn mei 17,8 punten. Op it twadde plak yn de kompetysje is eindige Pieter Jilles Tjoelker mei de ‘Jolanda’ mei 57,9 punten, in ferskil fan 40,1 punten. Trêdde is wurden de oare Earnewâldster Sietse Bruinsma mei de ‘Boereswel’ mei 64,8 punten.

Under geunstige omstannichheden is der op beide dagen prachtich moai sylt. Sneon kaam der noch wol ris in bui-ke oer, mar dermei ek wat mear wyn en alhiel net slim. Spitich genoch koe de “Gepke” net mei dwaan omdat se de bemanning dit wykein net rûn krije koenen. De wedstriidlieding ûnder Carel Heynen hie yn de earste wedstriid der in moaie ‘op en del’ baan yn lein. Foar de mannen fan de wedstriidlieding alle lof. Sy hienen it goed yn de hân. Sawol op sneon as op snein rôpen sy it fjild werom foar in algehiel falske start. Fansels sa as altyd ek wat argewaasje by de tonnen en de krusings, mar eltsenien hâlde him oan de regels en as dat in strafrûntsje oplefert, dan waard dat dien. By de útslach op snein wiene der dan ek gjin protesten. As earste oer de finish yn de earste wedstriid kaam de ‘Boereswel’. It neie túch die fertuten. Middeis krigen wy in Olympyske baan en in bui. Dizze kear liet Sjouke wer sjen wat syn kwaliteit is en kaam de ‘Sijmen Durk’ as earste oer de finish. Ek yn de lêste wedstriid op sneon en de beide wedstriiden op snein wie Sjouke oppermachtich.
Jûns koe der om seis oere noch noflik efkes neipraat wurde under it genot fan goed miel iten. By Café Zevenwouden. Oanwêzich wie ek Age Veldboom died ien en oar utlei oer de oanbringrace fan de strontrace. De fijftichste kear dit jier en dus in jubileum. It fersyk is om 6 oant 8 preamen oan de start te krijen. Einbeslút ha wy mei syn allen sein dat wy dat foar elkoar krije sille en gjin nije preamen needich ha. Op de site sil de informaasje dielt wurde. Dernei blieuw it noch lang gesellich mar ek wer net de nacht út want snein moast der wer sylt wurde.

Sa as hjir boppe al skreun, Sjouke waard beide kearen earste. Sietse Bruinsma mei de ‘Boereswel’ waard yn de earste wedstriid twadde. By de twadde wedstriid snein hie de wyn wat oanhelle en dat kaam Gerben Gerbrandy mei de Nije Kimen goed út. Hy ferspiele syn foardiel net en waard oertsjûgjend twadde. Mei de twa tredde plakken fan sneon smiet dat in moaie einstân op.

By de priis útrikking wie foar it wykein by Terherne de folgjende útslach:

    1. Sjouke Kalsbeek mei pream “Sijmen Durk”
    2. Sietse Bruinsma mei pream “Boereswel”:
    3. Gerben Gerbrandy mei pream “Nije Kimen”
    4. It fjirde plak wie foar Pieter Jilles Tjoelker.
      Hy hie krekt as Gerben Gerbrandy 14 punten.
      Gerbrandy hie de lêste wedstriid de heechste punten en derom konfoarm de regels rjocht op it tredde plak.

Foar de kompetysje 2023 is dan de útslach:

    1. Sjouke Kalsbeek mei pream “Sijmen Durk”
    2. Pieter Jilles Tjoelker mei pream “Jolanda”
    3. Sietse Bruinsma mei pream “Boereswel”.

Omdat Sjouke foar de tredde kear op rige earste yn de kompetysje wurden is, hat hy rjocht op it behâlden fan de wikselbeker. Dat is foar de feriening wol wat spitich want al fanôf de oprjochting yn 1996 stean de nammen fan de winners dêr op. It bestjoer hie derom yn oerliz mei Sjouke betocht him in oarkonde oan te bieden werop syn rjocht op de wikselbeker útdrukt wurde soe. Dizze krige hy dan ek oanbean troch de foarsitter fan de feriening en heit Michiel Kalsbeek. En fansels, syn tredde blauwe wimpel.

Elts jier wurdt ek de beker útrikt oan de ‘Grutste Styger’ yn it klassemint. Dizze kear wie dat Gerben Gerbrandy. Hy wie fan plak 10 in 2022 nei plak 4 yn 2023 omheech gong.

Al mei al kinne wy weromsjen op in moaie kompetysje al wie it gat tusken it twadde en tredde wykein al wat grut. Foar it oare jier mar ris sjen of dat ek wat oars kin.

 

artikel in Leeuwarder Courant

Klik op onderstaande foto en er wordt een filmpje gedownload:
(bronvermelding: Video gemaakt door Simon Schermerhorn)