Ferslach 1e kompetysje wykein 2024
Wâldsein 25 – 26 maaie.
Yn moai sylwaar binne de earste sylwedstriiden hâlden fanùt Wâldsein. It like der op as soe der in soad wetter falle sneontemoarn, mar gelokkich bleau it sùdlik part fan de provinsje aardich droech. Mei elkoar 20 preammen yn de kom by Aqaucamping De Rakken. It palaver en goed miel iten nei ôfrin yn restaurant De Pleats oan de haven. Njoggen nije en 11 âlde preammen kamen oan de start. De nije preammen biten de spits ôf yn in Olympyske baan. De wedstrydlieding, ûnder tafersjoch fan Saskia Westerhof, hie it perfekt foar elkoar.
By de preammen fan de Fryske Boerepream diene trije debutanten mei. Nr 54 De Warber fan Peter v/d Vaart en de promopream De Dominee nr 56. De Warber hie as skipper Gerben Gerbrandy en dy is fansels wol yn it spulstje bebyten. De Nije Kimen nr 4 hat in nije bemanning mei skipper Tom Bloembergen. De promopream nr 56 De Dominee. Skipper Bernard van Noordenburg en syn ploech dongen foar it earst mei yn de wykeinpriizen fan de Fryske Boerepream. Alles moat leare, je kriigen noch in protest oan de broek fan de nr 54 yn in stjoerboard-bakboard situaasje. It heard der allegear by. Protestkommesaris Epie Gerritsma wie der dan ek gau ùt.
Snein ek wer hearlik sylwaar. In moai wyntsje ùt súdlike rjochting wat letter wat oanhelle nei Bft 4. In prachtich plaatsje mei 20 preammen op de Hegemer Mar. Ek moai om te sjen dat lânskommende toeristen efkes bylizzen gean om it yn oersskôgje te nimmen. Moast Sjouke Kalsbeek sneon yn de 3e wedstriid Andries Flisijn foar him oer de finish gean litte, hjoed wie hy oppermachtich. Sawol yn de earste, as de twadde wedstriid rûn syn foarsprong eltse rûnde mear ùt. As waarnimmer op it startskip koest moai sjen dat ek alles klopte by him oan board. De manoeuvres, de rakken dy hy makke, de trim, it liket as dy pream op it wetter leit yn stee fan der yn. Errit de Jong mei de nr 47 en Wiebe v/d Pol sylden mei in nij tùch. By Errit dy it fertùtten en wist in moai twadde plak te heljen. Wiebe hie pech – it touw fan de ryg-line, de marl-line, oan de gaffel bejoech it.
Al mei al in tige slache sylwykein wer sawol de bemanningen fan de nije as de âlde preammen optein wiene oer de gearwurking.
Fan it wykein is in mooi foto ferslach makke troch De Fryske boerepream.
Mar ek Skydrone Sloten wie oanwêzich en hat prachtiche bylden makke:
– https://www.facebook.com/skydronesloten/
– https://www.facebook.com/share/v/EQ8UNbFuoC6XdNgp/
Op de scorelist fan de wedstriidlieding stiet by de promopream nr. 56 de ferkearde namme. Dit wykein wie skipper Bernard van Noordenburg.
Auke Postma
Skriuwer De Fryske Boerepream.