” Komelker” pream nr. 1

Eigenaar:        Plaatselijk Belang Terherne
Bouwjaar:       1925
Bouwer:          Werf Wildschut te Gaastmeer
Aangekocht:  1963
Lengte:
Breedte:

Bijzonderheden:
De eardere gemeente Utingeradiel stelde de tûntsjepream fan Akkrum, dy’t doe gjin tsjinst mear die, ta beskikking. In tal boeren/koumelkers en skippers bouden der in echte silende boerepream fan: der kamen swurden, in roer, in mêst en in gyk, in bûkdelling én der waard in túch besteld.

De namme lei foar de hân: Terherne wie earder in doarp fan skippers en koumelkers, dy’t alle jierren op ‘e nij lân hiere moasten foar it gêrs en it hea foar harren pear kij. It wie faaks net it bêste lân en meast oer it wetter. Dizze koumelkers brûkten faak dizze boerepreammen om deistich it gêrs fan it lân te heljen en te haaien. De kij stiene fakentiden simmer en winter op stâl. It wie in hurd en earmoedich bestean. As earbetoan oan dizze Terhernsters krige de pream de namme “Koumelker” en waard yn de maaitiid fan 1963 as sadanich yn gebrûk nommen. Om’t it ûnderskip fan de gemeente wie hie dy betongen dat it gemeentebestjoer ienris yn it jier om neat mei te silen mocht. Fierder waard der wolris mei selskippen syld, foar in lyts bedrach, en wie de pream foaral flaggeskip by gelegenheden.

 

As jo ynteresse ha om in syltocht mei dizze bysûndere pream
de “Komelker” te meitsjen,
dan kinne jo hjirûnder fia in link yn kontakt komme.

http://www.eilandindefriesemeren.nl/nl/activiteiten/Verleden/zeiltocht-komelker