” Útrinner” pream nr. 47

Eigenaar:        Errit de Jong
Bouwjaar:       1925
Ligplaats:       Eastermar
Aangekocht:  2013 zeilkaar in 2015
Lengte:           11 m.
Breedte:          
3 m. 

Bysûnderens:

Oer de pream sels is net folle te sizzen. Errit de Jong, famylje fan de spitigergenôch te gau ferstoarne skûtsjeskipper Peter de Koe, kaam de pream op it spoar troch in tiidlyke meiwurker fan Peter. Errit hie sels al in oantal kearen mei fart op de pream “Jolanda” út Earnewâld. Dat die him beslúten sels skipperje te wollen op in eigen pream. Dizze meiwurker fan omke Peter hie in pream omboud nei in motorkrúser. Mar hy koe der neat mei omdat de boat sonken wie. Hy woe der fan ôf. Sa krige Errit de kâns en nei wat ûnderhandeljen waard Errit eigner fan “De Freedom” , sa hjitte it boatsje, foar it rûne bedrag fan € 500,-. De pream lei yn in feart by Aldegea (sm) ûnder wetter. Bewapene mei agregaat en klokpompen, krigen se har wer boppe wetter. Mar doe moast se noch wol nei Eastermar fart wurde. De âlde Albin motor krigen se ek wer oan de praat en it soe hefe. Mar nei in pear meters joech er de geast al wer. Hy wie fjirsten te hyt, krige gjin kuolwetter en de tank wie ek al leech. It die blyken dat dy mar hiel lyts wie. It kuolwetter koe mei in bilgepompke en it wetter wat noch yn de boat stie, regele wurde. Mei huorten en stjitten kaam de pream yn Eastermar oan en waard op de kant setten. Doe kaam it wurk. It ombouen en sylklear meitsjen. Nei in protte oeren wie it dan einliks sa fier yn 2015. De pream koe kard wurde troch de feriening De Fryske Boerepream. Nei de goedkarring krige se de namme “Útrinner” en as sylnûmmer 47.

Wolle jo ris in tocht syle mei dizze bysûndere pream en it hiele ferhaal hearre, nim dan kontakt op mei de skipper Errit de Jong.

Til: 06 40842974

E-mail:   autobedrijfejdejong@hotmail.com

Bijzonderheden:
Van de praam zelf is weinig bekend. Errit de Jong, famillie van de helaas te vroeg overleden skûtsjeskipper Peter de Koe, kwam de praam op het spoor door een tijdelijke medewerker van Peter. Errit had zelf een aantal keren mee gevaren met zeilpraam “De Jolanda” uit Earnewâld en dat bracht hem er toe zelf schipper te willen worden op een eigen praam. Deze medewerker van oom Peter had een praam omgebouwd tot motorkruiser maar hij kon er niets mee want het praampje was gezonken en hij wilde er van af. Dit bood een mooie kans en na enig onderhandelen werd Errit eigenaar van de Freedom, zo heette de praam, voor een rond bedrag van € 500,-. De praam lag in een vaart bij Oudega (SM) onder water. Gewapend met aggregaat en klokpompen werd ze weer drijvend gekregen. Toen moest ze nog naar Eastermar worden gevaren. De oude Albin motor werd weer tot leven gebracht maar gaf de geest al weer na een paar meter te hebben gevaren. De motor kreeg geen koelwater en de dieseltank bleek maar heel klein. Dit kon worden opgelost met een bilgepomp in het nog aanwezige water in de praam. Met letterlijk horten en stoten is de praam in Eastermar aangekomen en op de kant gehesen. Toen volgde het ombouwen en zeilklaar maken. Na vele uren was het in 2015 zover en kon de praam worden gekeurd door de vereniging De Fryske boerepream. Na goedkeuring kreeg ze de naam “Útrinner” en het zeilnummer 47.   

Mocht u geïnteresseerd zijn in een tocht met deze bijzondere praam en het hele verhaal wat er bij hoort, dan kunt u contact zoeken met de eigenaar Errit de Jong (zie boven)